Turkske namme

De Turkske namme is de namme fan persoanen yn Turkije, leden fan etnysk Turkske minderheden bûten Turkije en fan lju fan etnysk Turksk komôf yn 'e diaspora yn oare lannen. De Turkske namme bestiet út ien of mear foarnammen (selden mear as twa) en ien efternamme. Allinnich troude froulju kinne twa efternammen hawwe, as se derfoar kieze om op 'e efternamme fan harren man ta ek de eigen famkesnamme te behâlden. Yn sokke gefallen wurdt de famkesnamme foar de efternamme fan 'e man pleatst. Yn it Turksk geane sûnt de ynstelling fan efternammen yn 1934 foarnammen altyd foarôf oan 'e efternamme, útsein yn offisjele dokuminten, dêr't de folchoarder "Efternamme, Foarnamme" (mei in komma dertusken) faak oanholden wurdt, krekt as yn in protte oare talen it gefal is.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne